It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen - Freddie Scheltema (ISBN: 9789056157548)
- Thuiswinkel Waarborg
Gevonden bij 2 winkels vanaf
€ 12,50
(minder betalen?)
It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen is in samling gedichten en koarte ferhalen. It is proaza en poëzy oer it deistige libben, mar mei in flinke knypeach. Fleurige ferhalen en oertinkingen, fan 'De hûnen fan Barry Hay' oant 'De Hooliganbus' en de absurdistyske gedichten 'By de kofje-automaat'. Want der mei bêst wat mear lake wurde yn de Fryske literatuer. Freddie Scheltema (Easterein, 1960) skriuwt yn it Nederlânsk, mar foaral yn it Frysk. Yn syn tiid op de middelbere skoalle hie er graach wat flottere Fryske boeken lêze wollen foar syn boekelist. Dêrom begûn hy yn 2010 sels mei skriuwen.