Elikser B.V. Uitgeverij Brieven oan us mem - eBook Akky van der Veer (9089545522)

 
 
  • Elikser B.V. Uitgeverij Brieven oan us mem - eBook Akky van der Veer (9089545522)

Gevonden bij 2 winkels vanaf € 8,50
(minder betalen?)

Merk
Elikser B.V. Uitgeverij
Online sinds
25 mei 2018
EAN
9789089545527

Prijsvergelijk

2

Omschrijving

Het eBook Brieven oan us mem (9089545522) geschreven door Akky van der Veer bestel je op bruna.nl! Ik fyn dat san prachtich idee, mem. Troch te beseffen dat al it oare ek it Iene is, falle alle tsjinstellings fuort. Want ik bin myn meiminske en myn meiminske is my yn in oare foarm. De pine en de blydskip fan alle oare skepsels binne ek myn pine en blydskip. Dat is hast de letterlike betsjutting fan de opdracht fan Jezus: `Haw God leaf boppe alles en dyn neiste as dysels. God boppe alles ferwiist nei it ienheidsbewustwêzen, God as it bewustwêzen fan it Iene. En dan folget hielendal fanselssprekkend de leafde foar de neiste as foar dysels. It is net `ik en de oare mar `ik bin de oare en de oare is my. As famke fan fjirtjin jier, yn 1958, krige Akky van der Veer t.b.c. en moast se `kuere yn sanatoarium Sonnevanck yn Hurderwyk. Doet se wer thús kaam, wie se nei dy oardel jier letterlik en figuerlik groeid en sa feroare, dat har mem har net mear `koe. Yn it begjin hat har mem alle war dien om Akky wer yn it leave, skrutene famke te feroarjen dat se earder west hie. It joech in hiele protte striid tusken harren en se koene der net oer prate. Doet dat einlings al koe, wie har mem oan it demintearjen. Nei har ferstjerren fielde Akky van der Veer it ferlet om brieven oan har mem te skriuwen, sa oprjocht mooglik, sûnder franje. Troch it skriuwen fan dizze brieven - tusken 12 desimber 2010 en 15 juny 2012 - is se har stikje by bytsje bewust wurden fan de djippere betsjutting fan har libben en it minslik libben yn it algemien. Geandewei it skriuwen kaam it iene nei it oare ynsicht op har ta en doarde se it dogma los te litten dat ús wrâld it middelpunt fan de kosmos is en it minskdom de iennige `troch God skepen libbensfoarm. Guon nije ynsichten wiene foar har konfrontearjend, woene har earst net oan en makken har lilk. Se kaam hieltyd mear teorieën tsjin dyt heaks steane op de gongbere opfettings en har besteande wrâldbyld wankele. Se lies der boeken oer en socht nei bewizen op it ynternet, yn de archeology en yn âlde geskriften. Pas doet se de bibel as in astro-teologysk boek doarde te lêzen, foel alles `te plak en fielde se de frijheid en de romte om `grutter te tinken as it hjir en it no. Har brieven kinne dêrom besjoen wurde as in autobiografyske learwei en in net te kearen persoanlik bewustwurdingsproses.

Specificaties

Product

Artikelnummer
1843280
Online sinds
25 mei 2018
EAN
9789089545527

Gerelateerde producten

Prijsindex

Beste prijs vandaag
8,50
 
Gemiddelde prijs
8,50
 
Goedkoopste
8,50
op 27 augustus 2024