Elikser B.V. Uitgeverij In reis nei de moanne - eBook Jules Verne (9089548408)

 

Gevonden bij 2 winkels vanaf € 8,50

Merk
Elikser B.V. Uitgeverij
Online sinds
28 mei 2018
EAN
9789089548405
Taal
Friestalig
Bindwijze
E-book
Aantal pagina's
185 pagina's

Prijsvergelijk

2

Omschrijving

Het eBook In reis nei de moanne (9089548408) geschreven door Jules Verne bestel je op bruna.nl! Jules Verne (1828-1905) is in wiid ferneamd skriuwer út 'e njoggentjende iuw. Yn syn romans nimt er syn lêzers mei op fiere reizen, dwers troch Afrika, oer de Russyske steppes, nei de Noardpoal of nei de djipten fan 'e oseaan. Jules Verne kombinearre spannende aventoeren mei boeiende beskriuwings fan lannen en folken. Klassikers as De la Terre à la Lune (In reis nei de moanne), Le Tour du monde en 80 jours (In wrâldreis yn 80 dagen) en Voyage au centre de la Terre (De reis nei it middelpunt fan 'e ierde) hawwe al in soad generaasjes fassinearre, en noch altyd foarmet it wurk fan Jules Verne in boarne fan ynspiraasje foar filmers, skriuwers en reklameburo's. Yn In reis nei de moanne beskriuwt Jules Verne hoe't in bemanne kûgel mei in gigantysk kanon nei de moanne ta sketten wurdt. Net earder yn de literatuerskiednis waarden de natuerkundige en technyske eftergrûnen fan sa'n reis sa sekuer beskreaun. Verne basearde him op aktuele kennis en rôp foar de berekkenings ferneamde wiskundigen te help. De la Terre à la Lune jout dêrtroch in goed byld fan de wittenskiplike stân fan saken yn 1865. De roman hat dan ek tige bydrûgen oan Jules Verne syn reputaasje as grûnlizzer fan de science fiction. Mar efter de wittenskiplike roman binne mear lagen te finen: it ferhaal kin ek lêzen wurde as in skerpe satire op 'e driuw ta dieden fan de Amerikanen en har militarisme. Dizze klassiker is no foar 't earst yn it Frysk útbrocht yn in yntegrale oersetting mei alle oarspronklike gravueres, guon sels yn kleur.

Specificaties

Product

Categorie
Reisboek (Tip! Bekijk de top 10)
Artikelnummer
2074482
Online sinds
28 mei 2018
EAN
9789089548405

Inhoud

Taal
Friestalig
Bindwijze
E-book
Aantal pagina's
185 pagina's

Algemeen

Verschijningsdatum
april 2016