Elikser B.V. Uitgeverij De griene ierde - Frederick Manfred - ebook
Gevonden bij 2 winkels vanaf € 17,50
Het eBook De griene ierde (9089545360) geschreven door Frederick Manfred bestel je op bruna.nl! Free stie op it punt de melkamers te heljen fan it droechrak bij de hikke, doet er ynienen yn it hûs achter him muzyk hearde. Hij harke, mei de hannen noch krekt net de amers reitsjend. Dat wie syn mem dyt yn de moaie keamer oargelspile. De snein wie syn mem har dei fan rêst, foarsafiert dat gong, en se besocht altyd om it hûs in pear oeren foar harsels te hawwen. Earst rûn se altyd troch it hûs hinne en wer, as sweefde se yn in droom, en seach dan nei al it wurk dat se dy wike dien krige hie, dingen streakjend dêrt se fan hold, de pendule, de dúdlike nerven fan de iken tafel, de lêste foto fan har heit, de o sa kreas-wite streekrjocht delhingjende oergerdinen. Dan gong se nei de moaie keamer, en loek de doar achter har ticht. Se stie dan even nei har bêste meubels te sjen, dyt opglommen yn it timpere brune ljocht, en rûn dan nei elk apart rút ta, dêrt se de gielbrune sinnegerdinen fan omheechloek, sadat it rôze skimerljocht nei binnen falle koe. Wat se it aldermeast leafhie, wie it âld oargel. It besnijde ikehout gloeide noch altyd as libbe it. Allinne de readplusen pedalen toanden slitaazje en wienen feal wurden. Even dêr steand mei in hân op har goudbrún hier, elk foarbijgeand momint yn harsels opsûgend, om dêr oan de lêste drip ta fan te genietsjen, flijde se harsels einliks op de oargelkruk del, en begûn se gjin frou of mem mear, mar in fan it parfum fan de prairieroas foarme geast stadich te spyljen. Free harke hoet se troch De Rots der Ieuwen, It Yngarjen fan de Skeaven, en Der wienen Njoggenennjoggentich Skiep hinne mimere. Dêrnei spile se Moai Ohio. Doet se bij it refrein kaam, begûn se te sjongen: `Driuwend op it wetter yn it moanneljocht. Green Earth, De griene ierde wurdt beskôge as it masterwurk fan Frederick Manfred. It boek beskriuwt it houlik fan syn âlden (1909) en de jeugd fan Alfred Alfredson en is suver folslein autobio¬grafys. Alfred (`Free neamd) is Manfred sels en foaral de mem wurdt hjir mei grutte waarme leafde tekene. It boek is, lykas al syn saneamde `farm novels, breed fan palet en episoadys fan opbou, mei in grutte oandacht en leafde foar it detail yn beskriuwingen. It giet oer in Fryske famylje, wêrynt Uncle Big John sit te lêzen yn Reamer en Sape fan Gysbert Japicx, en de pake (`Grampa) in buordsje oan de muorre hat mei de tekst `Sjuch, God is great en wy bigripe him net. It is in prachtige beskriuwing fan it plattelân fan `Siouxland, san foech hûndert jier lyn. It djippe simpele ortodokse kalvinisme, dat nei binnen ta san gefoel fan waarme burgenens jaan kin, wurdt hjir sûnder soerens beskreaun fia de figuer fan dy ûnferjitlike mem, wêrtroch dat nei binnen kearde kalvinisme yn leafdefolle herinnering, mar sûnder sentimintelens, o sa ierdsk en mei djip respekt delset wurdt. Frederick Feikema Manfred is yn 1912 geboaren as Frederick Feikema en wie de pakesizzer fan de Fryske lânferhuzer Feike Feikema V út Tsjom. Hy hat mear as 35 boeken skreaun, en hat neffens eigen sizzen ferskillende kearen nomineard west foar de Nobelpriis mar dy noait krigen. Wol is hij yn syn eigen streek noch altyd in begryp. Oersetter Geart fan der Mear hopet dat de Fryske lêzer fan hjoed-de-dei Manfred wurdearje sil om syn earlike, o sa krekte, meinimmende en tawijde beskriuwing fan it libben op it plattelân fan it stik Amearika dat oan him de namme Siouxland te tankjen hat.