It Sjaaltsje - Hylkje Goinga
Gevonden bij 1 winkel vanaf € 7,50
Omdat de boeken fan har net mear te krijen wienen, ferskynde yn 2016 de bondel Tsien fan Hylkje, in lytse kar út har wurk. Yn It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen fynt de lêzer nochris tsien teksten dy't karakteristyk binne foar de skriuwster: koart om "e hoeke, humoristysk en net sûnder tragyk.Hylkje Goinga (1930-2001) is as skriuwster foaral bekend wurden troch har koarte ferhalen. Tusken 1971 en 1993 publisearre se seis bondels. In grut part fan de ferhalen skreau se foar it moanneblêd De Strikel en de Leeuwarder Courant. Blêden as Opzij en Margriet namen ek wurk fan har op.Yn de wrâld fan de koarte ferhalen is Hylkje Goinga in opfallende ienling. Se wurdt wolris fergelike mei de Ingelske skriuwer Roald Dahl. Krekt as Dahl hat se der in hantsje fan om it ûnwierskynlike as deagewoan foar te stellen. De ferhalding tusken man en frou is it weromkommende tema. De lêzer wurdt geregeld op "e ferkearde skonk set omdat de ferhalen oan de ein faak in ûnferwachte, soms absurde draai meitsje. De flot fertelde brike setten fan de nofteren en soms naïve húsfrou Martha ha yn 2019 noch neat oan aktualiteit ferlern.Gearstald en foarwurd: Douwe Kootstra